Hans Willems liedt LC nei fuortgean haadredakteur

05 sep 2017 - 17:10
Hans Snijder is net langer haadredakteur fan de LC - Foto: ANP

Ald-sjoernalist Hans Willems (66) wurdt waarnimmend haadredakteur by de Ljouwerter Krante. Hy begjint yn oktober. Dat meldt de krante sels. Willems folget Hans Snijder op. Dy wurdt direkteur media en fûnsewinning by it nije Prinses Máxima Centrum yn Utrecht.

Hans Willems gie begjin dit jier mei pensjoen. Hy hat 40 jier by de Ljouwerter Krante wurke. Willems bliuwt oan oant der in nije haadredakteur is. Dat sil nei alle gedachten begjin takom jier wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)