Provinsje: "Sinneparken meie Fryslân net ferrinnewearje"

05 sep 2017 - 16:57

Fryslân mei net samar folboud wurde mei sinneparken dy't it lânskip oantaaste. Dat fine de provinsjebestjoerders. Dêrom ha se in list opsteld mei tsien tips foar ûndernimmers dy't sokke parken delsette wolle.

De provinsje ferwachtet dat der de kommende jierren hieltyd mear sinneparken boud wurde. Bestjoerders wolle wyldgroei en maatskiplike ûnrêst foarkomme.

Se jouwe oan dat inisjatyfnimmers kieze moatte foar in lokaasje en skaal dy't by de omjouwing past. Ek moatte sinneparken fier genôch by de diken, huzen en natoer weibliuwe. De provinsje makke it nije sinneparkebelied tiisdeitemiddei op in parsekonferinsje bekend.

Trefwurden: 
provinsje sinneparken
(advertinsje)
(advertinsje)