It lytste wetterskip fan Nederlân hâldt op te bestean

Nei eksakt hûndert jier komt der in ein oan it wetterskip Blije Bûtendyks, dat ferantwurdlik is foar sa'n 100 bunder lân oan de Waadseekust by Blije.
It provinsjebestjoer fynt dat it wetterskip wol ferdwine kin, omdat it allinne noch mar op papier bestiet. Der is gjin deistich en algemien bestjoer, en it wetterskip hat ek gjin argyf mear. Ferkiezingen binne der net holden, omdat der yn it gebiet gjin minsken wenje.
Wetterskip Blije Bûtendyks bleaun by de skaalfergrutting yn 2004 bûten Wetterskip Fryslân. Dit kaam troch in ferskil fan ynsjoch tusken it wetterskipsbestjoer en It Fryske Gea oer it behear fan it gebiet.