Admiraliteitsdagen net benaud foar it minne waar

05 sep 2017 - 16:12

Wat ekstra tinten foar de sponsors en ponsjo's om út te dielen, dat is wat de organisaasje fan de Admiraliteitsdagen docht mei it each op de mindere waarsferwachting foar letter dizze wike. De Admiraliteitsdagen wurde fan tongersdei oant en mei snein yn Dokkum hâlden. En krekt as de foarbye twa jier wurdt der foar dy dagen flink wat wetter ferwachte. Jan Michiel van der Gang fan de organisaasje lit him der net troch út it fjild slaan, en de besikers neffens him ek net. "Litte wy earlik wêze, it is natuerlik folle moaier as de sinne skynt en eltsenien yn it T-shirt op it terras sit. Mar it hoecht net, sjoch mar nei foarich jier, dus it hoecht gjin spulbrekker te wêzen."

(advertinsje)
(advertinsje)