Omwenners wolle kompensaasjejild wynmûnen sels útjaan

05 sep 2017 - 15:45

Ynwenners fan de gemeente Súdwest-Fryslân moatte beslute kinne wêr't in heal miljoen euro oan bestege wurdt. Dat jild komt mooglik beskikber as it wynpark Fryslân foar de Iselmarkust fan de gemeente komt. De inisjatyfnimmers fan it wynpark wolle jierliks fiif ton beskikber stelle foar in omjouwingsfûns. It bestjoer dêrfan, dat út boargers út Súdwest-Fryslân bestean moat, kin dan sizze wêr't it yn ynfestearre wurde moat. De gemeente hat ûndersyk dwaan litten en dêrút die bliken dat de boargers sels in grutte stim hawwe wolle yn hoe't it jild bestege wurdt. Súdwest-Fryslân sil der op tasjen dat it jild net brûkt wurde sil om oerheidssaken te finansieren.

Der sit noch wol in mar oan it hiele ferhaal. Der lizze noch beswieren tsjin it wynpark by de Raad van State en as it der net komt, sil der ek gjin jild beskikber komme foar it omjouwingsfûns. Yn it earste fearnsjier fan 2018 moat dúdlik wurde oft it wynpark en dus it omjouwingsfûns der komme sil.

Trefwurden: 
Iselmar Wynpark Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)