"Warskôgje foar risiko's fan ierdwaarmte is terjochte"

It is in goede saak dat it Staatstoezicht op de Mijnen warskôget foar de risiko's fan ierdwaarmte. Dat seit direkteur Douwe Faber fan it Fryske enerzjy-advysburo Ekwadraat.
Fryske plannen
Yn Fryslân steane grutte projekten op stapel dêr't ierdwaarmte in rol yn spilet. Grientekweker Hartman yn Seisbierrum is der al jierren mei oan de gong, dy wol de kassen der mei ferwaarmje.
Boubedriuw Dijkstra Draisma hat plannen foar in ierdwaarmtesintrale yn Ljouwert. It nije Cambuurstadion soe syn enerzjy dêr fan belûke moatte.
Risiko's
It Staatstoezicht op de Mijnen hâldt projekten mei ierdwaarmte goed yn de gaten. It fynt dat partijen dy't har der mei dwaande hâlde te bot de klam lizze op de foardielen en te min melding meitsje fan de risiko's dy't it winnen fan waarmte út de grûn ha kin.
Eksploazjes
Sa kinne boaiem of drinkwetter fersmoarge reitsje, kin der brân of in eksploazje ûntstean as der per ûngelok gas of oalje oanboarre wurdt, of kinne minsken dy't by de winning wurkje yn oanrekking komme mei hjit wetter, of radio-aktiviteit dy't fan natuere yn de boaiem foarkomt.
Ierdbevingen
It Staatstoezicht advisearret om foarsichtich te wêzen mei it winnen fan ierdwaarmte yn gebieten dêr't ierdbevingen foarkomme as gefolch fan gaswinning of op lokaasjes dy't ticht bij aktive breuken yn de djippe ûndergrûn lizze.
Boaiemûndersyk
Direkteur Faber fan Ekwadraat is it iens mei it Staatstoezicht op de Mijnen dat je net besykje moatte ierdwaarmte te winnen op plakken dêr't dat net ferantwurde is. Mar neffens Faber is yn Fryslân goed yn kaart brocht hoe't de boaiem der útsjocht. Sa kinne risiko's foarkaam wurde.
Feilichheid
Ynnovaasjemanager Folkert Linnemans fan boubedriuw Dijkstra Draisma seit dat feilichheid topprioriteit is by it ûntwikkeljen fan plannen foar bouprojekten dêr't ierdwaarmte in rol spilet. De bousektor wit as gjin oar hoe wichtich feilichheidsprotokollen binne, want dêr wurdt al wit hoe lang mei wurke.
Dijkstra Draisma oerleit ek geregeld mei it Staatstoezicht op de Mijnen oer projekten mei ierdwaarmte. It is allinne mar goed dat it Staatstoezicht sa bot de klam op feilichheid leit, seit Linnemans.