Keunstskilder bout ferdwûn pakhûs yn Frjentsjer eksakt nei

05 sep 2017 - 14:25

Keunstskilder Douwe Elias hat grutte plannen foar de romte njonken syn wenhûs yn de histoaryske binnenstêd fan Frjentsjer. Elias wol it pakhûs dat dêr yn de jierren '30 stie, opnij bouwe. Jierren hat er dwaande west om in boufergunning te krijen, mar ynkoarten kin er der lang om let mei úteinsette.

It pakhûs wie al in skoft ferdwûn en der stie in oar hûs dat no sloopt is. Omdat it yn de binnenstêd is, moat it gebou oan allegear strange easken foldwaan. It moat wer hielendal yn autentike steat opboud wurde, kompleet mei orizjinele foegen en houten flierren dy't op spesjale wize lein wurde moatte. De boumaterialen hat Elias al klearlizzen. It wurdt in pakhûs sûnder foarsjenningen, sa as eartiids.

De bedoeling is dat de grutte samling skilderijen fan de keunstskilder in plak krijt yn it nije 'âlde' pakhûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)