Sosjaal Planburo: "Fryslân rint stadichoan leech"

Holwert © Jitkse van der Gaast
Alle jierren sette der tusken de 1500 en 2200 jongeren mear út Fryslân ôf as dat der hjir wer hinne komme. Dat blykt út sifers fan it Fries Sociaal Planbureau en it CBS. De reden is foaral stúdzje of wurk.
Yn it begjin fan dizze iuw waard it fuortgean fan jongeren noch kompensearre trochdat oare leeftiidsgroepen krekt nei Fryslân ta ferhuzen. Mar dat is sûnt de ôfrûne tsien jier net mear sa. Der komme minder minsken nei Fryslân.
Wat ek opfalt yn it ûndersyk, is dat jongeren yn de leeftiid fan 15 oant 20 jier no langer yn Fryslân wenjen bliuwe. Dat soe komme kinne trochdat se mei de ynfiering fan it sosjale lienstelsel minder gau op keamers gean.