Rolstoeltriuwe oer Skylger dunen moat makliker wurde

05 sep 2017 - 13:50

Skylge hat der oan de ein fan de hjerst in nij paad by foar minsken yn in rolstoel. It komt op West-Skylge, as oanfolling op in besteand paad. Steatsboskbehear is dizze wike begûn mei de kap fan beammen. Dêrnei sil in oannimmer it betonnen paad oanlizze.

De rolstoelpaden binne nedich omdat de besteande fytspaden behoarlik hobbelich binne, seit Remi Hougee fan Steatsboskbehear. De rolstoelpaden slingerje troch de dunen op en del. De hellingshoeke mei net te grut wêze, om it de minsken dy't de rolstoelen triuwe net te swier te meitsjen.

"Het is een behoorlijke klus, maar het is de moeite waard als we denken aan de mensen die er gebruik van maken," seit Hougee. "Mensen kunnen vanuit het verzorgingstehuis op West straks een mooi rondje maken langs de Noordsvaarder. Dan kunnen ze op plekken komen waar ze misschien jaren niet geweest zijn."

Trefwurden: 
rolstoelpaad Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)