Friezinne spikeret ruten ticht yn ôfwachting fan orkaan Irma

05 sep 2017 - 12:51

Bojanna Koster fan Ljouwert is drok mei tariedingen foar orkaan Irma dy't de kommende dagen oer de boppenwynse eilannen yn de Karibiën lûkt. Sy is juf op in basisskoalle en wennet sûnt in jier op Saba.

"It wurdt hiel swier"

"De skoallen binne ticht, ruten en doarren binne tichtmakke en stut. Der hinget in 'gespannen' sfear op it eilân, al binne minsken ek drok om inoar te helpen."

De wurde in soad tariedingen dien foardat de orkaan oan lân komt. "We sitte hjir allegearre yn deselde sitewaasje. De minsken sizze dat it tige swier wurde sil. Gelokkich hawwe wy alles klear te stean yn en om it hûs, en witte wy ûngefear wat wy dwaan moatte."

Ekstreem hurde wynstjitten

No't de orkaan tichterby komt wurdt de sitewaasje foar Bojanna ek spannender. "It liket der op dat wy krekt wol of krekt net yn it paad fan de orkaan sitte."

"Hoe dan ek, wy sille ekstreem hurde wynstjitten oer de holle krije." De orkaan is fan kategory fjouwer. Dat is de op ien nei heechste kategory. De oerheid nimt maatregels om grutte problemen op it eilân foar te kommen.

Gjin ynternet

"Nei alle gedachten wurdt by ús tiisdeitejûn om 22:00 oere, foar jim 4 oere nachts, de elektrisiteit útskeakele. Dan kinne de minsken fan de elektrisiteitsbedriuwen feilich harren wurk dwaan.

Wy meie fan tiisdei tsien oere jûns ôf oant tongersdei tsien oere moarns net de strjitte op. Der is dan gjin mobyl netwurk en gjin ynternet."

Benaude tiid

Bojanna hopet dat se noch feilich is as it each fan de orkaan pasearre is, en de skea beheind bliuwt. "Ik hoopje dat jim in bytsje oan ús tinke yn dizze benaude tiid."

Trefwurden: 
Saba Bojanna Koster orkaan
(advertinsje)
(advertinsje)