"Hynder op A7 stie net mear fêst yn de trailer"

05 sep 2017 - 12:03
It hynder foel út 'e trailer op 'e dyk - Foto: Srfotografie

It hynder dat moandei omkaam by in ûngelok op de A7 by Drachten, is yn de wein al loskaam. Dat seit de plysje. Hjirtroch koe de doar iepenklappe, en foel it hynder op de dyk.

It bist is net oanriden troch oare auto's, mar wie der troch de fal sa slim oan ta dat de bistedokter him op it plak fan it ûngelok ynsliepe litte moast. De bestjoerder fan de auto mei trailer is by it ûngelok mei de skrik frijkaam.

Trefwurden: 
hynder ûngelok A7 plysje
(advertinsje)
(advertinsje)