Frjentsjerteradiel hellet 'Pedro-bankje' fuort

05 sep 2017 - 11:49
Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Protesten fan buertbewenners om it 'Pedro-bankje' oan de Suderkade yn Frjentsjer te behâlden, ha net holpen. De gemeente Frjentsjerteradiel sil it bankje noch dizze wike fuort helje. It leugenbankje wurdt gauris brûkt troch jongeren en dat soarget foar in soad oerlêst. Dochs binne de omwenners der poer op tsjin dat it bankje ferdwynt, benammen fanwege de histoarje.

Gehoarich

It bankje is eartiids delset foar de âlderen dy't yn it hofke der flakby wenje. It sitmeubel wurdt lykwols in soad brûkt troch jongeren. De huzen deromhinne binne gehoarich en de bewenners krije no in soad mei fan wat der op en by it bankje bart.

Spitich

De gemeente seit him bewust te wêzen fan de betsjutting dy't it bankje hat foar de Frjentsjerters. Ek om't it in jefte wie fan in âld-ynwenner fan de stêd, de hear Kamstra. De bank wurdt boppedat gauris brûkt troch foarbygongers om út te rêsten. De gemeente fynt it spitich dat ek dizze minsken no troffen wurde.

Oar plak

Yn de takomst wol de gemeente de bank wol werombringe, mooglik op in oar plakje op de Suderkade of oars op in sintraal plak yn it sintrum fan Frjentsjer. De bank wurdt net fuortendaliks ferpleatst om't dan de kâns bestiet dat de oerlêst mei ferhuzet.

Trefwurden: 
Frjentsjer bankje
(advertinsje)
(advertinsje)