Kollum: "It iensumste putsje fan de wrâld"

05 sep 2017 - 08:29
  • De Toan fan Arjan Hut

"It makket net út hoe betiid ik fan bêd kom, as ik nei bûten sjoch is buorfrou Betty altyd al warber. Se faget it trotwaar oan of plôket in tufe ûnkrûd tusken de stoeptegels wei: der is altyd wol wat te dwaan. Tagelyk ride al ferskillende frachtweinen foarby om de supermerken te befoarriedzjen. Betide fytsers fytse nei it wurk as hat it nea nacht west. En foardat it acht oere is komt it earste folk út de wenningen, meastal de âldere buertgenoaten, en dy krije in stoel en jouwe har del foar hûs, mei in krantsje en in bakje kofje.

Sûnder mis wie it buorfrou Betty dy't as earste de ravaazje seach. Ien hat midden yn de nacht in grutte bak mei wite lateksferve oer it fytspaad útgetten. De lege tsienliterbak leit noch op de stoepe njonken in tsjokke wite fervepoel. Der ha al in soad fytsers trochhinne west. Ut de flek wei rôlje meterslange waarbestindige, treflik dekkende spoaren. En dito fuotstappen, alle kanten út, en printen fan katte- en hûnepoaten. Stikelbargepoatsjes sels.

Wa soe de ferve dêr delsmiten ha? Twa froulju stiene nachts op strjitte te razen, in frou en in jonger fanke. Ik lei al heal yn de sliep en koe net ferstean wêr't it oer gong. Hiene dy twa in tsienliterbak lateksferve by har? Jage de ien achter de oar oan en foel de bak dêrby op de grûn? De middeis al komt der in buske fan de gemeente. In jongeman yn in oranje feilichheidsjaske set pilonnen om it troffen gebiet en giet mei in hegedrukspuit it ûnbedoelde keunstwurk te liif.  “Wy sille miskien noait witte wat hjir achter stekt”, seit ien fan de buorlju fan syn stoel ôf njonken de iepen foardoar.

De ferve sit der goed op. Oerenlang stiet de man yn it oranje jaske te spuitsjen. Net sûnder ôflieding fansels. It is in waarme dei en it libben spilet him bûten ôf. Geregeldwei komt ien om in praatsje, of om kofje oan te bieden, of koeke, of in bierke. De man mei der ek wol even by sitte as er wol, der wurdt al in stoel foar him helle, fine de minsken moai, even in nij gesicht.

It is goeie ferve, gjin goedkeape rotsoai. It slagget net om it yn ien dei fuort te krijen. De skjinmakker moat de oare deis weromkomme. Nettsjinsteande it ferfelende wurk, it lawaai en de drukkende hjitte, liket it suver in reüny. Stuollen komme derby, wat lekkers, wat  te drinken, in rollator wurdt in taffeltsje. De man komt net ûnder in bakje kofje en in libbensferhaal of twa, trije út. En net ien sil raar opsjen as buorfrou Betty of ien fan de oaren de hegedrukspuit dan sels oppakt. Der is altyd wol wat te dwaan.

Nei goed twa dagen fan spuitsjen en skrobjen is de wite ferve fuort. Dêrnei bliuwt it húslik en smûk op it ymprovisearre terraske. De útputte skjinmakker sit noch in skoft nei, en wurdt mei drankjes en hapkes opwoutere. Elkenien dy’t by it skjinne streekje delkomt stekt de tûme omheech.

Noch gjin wike letter hat der wer ien in tsienliterbak wite lateksferve oer in fytspaad útgetten. Fiifhûndert meter súdliker diskear, krekt op in stikje tusken winkels en in grut parkearterrein. Der steane mar in pear huzen, allegear mei hikken en hagen deromhinne. Deselde gemeentemeiwurker stiet dêr dy middeis mei deselde hegedrukspuit. Mar sûnder kofje, koeke en ferhalen.

It wurk is miskien flugger klear, mar sa fan in ôfstân sjocht it derút as it meast iensume putsje fan de wrâld."

Trefwurden: 
De Toan fan Arjan Hut
(advertinsje)