Drokte en kompleksere fraachstikken by Fryske dokterswacht

05 sep 2017 - 08:15

De Dokterswacht yn Fryslân hat it hieltyd drokker mei komplekse en urginte meldingen. Wachttiden rinne dêrtroch op. Dat seit Willem Groeneveld, direkteur fan Dokterswacht Fryslân nei oanlieding fan it lanlike nijs oer de drokte by de dokterswacht.

De wichtichste redenen foar de drokte binne de fergrizing en it langer thúswenjen fan âlderein, wêrtroch't helpfragen komplekser wurde. Fierder nimt it oantal pasjinten ta omdat hieltyd mear húsdokters harren oanslute by it dokterswachtnetwurk en harren pasjinten meinimme. Dêrneist is it lestich om kwalifisearre en bedreaun personiel te finen en wurde pasjinten mûniger, wêrtroch't petearen gau langer duorje, sa seit Groeneveld.

Hbû-dokters

Yn Fryslân wurdt ûnder oare mei de help fan njoggen Physician Assistant, de saneamde 'hbû-dokters' besocht de wachttiden koarter te meitsjen: dizze hbû-dokters kinne taken út hannen nimme fan de oare dokters. Ek helpe medyske studinten mei op de telefoansintra om petearen oan te nimmen en wurdt oan pasjinten de opsje bean nei in oare, rêstigere dokterswacht yn de buert te gean. Groeneveld sjocht dat it probleem grutter wurdt: hy hopet dat it yn de takomst better wurdt troch de gearwurking te sykjen mei oare partners, lykas de GGZ, thússoarch en de meldkeamers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)