Grut tekoart oan EHBU'ers op eveneminten, Noardwâlde oefenet

05 sep 2017 - 06:05

It is hieltyd dreger om genôch EHBU-ers te finen foar eveneminten. De EHBU-feriening fan Noardwâlde hat bygelyks 65 leden, mar dêrfan binne troch it jier hinne mar tsien beskikber foar eveneminten. Dêrtroch komt it faak op deselde minsken oan. Neffens foarsitter Wim van der Hoef fan de EHBU-feriening Noardwâlde spilet it probleem yn de hiele provinsje.

EHBU-oefening

Op it yndustryterrein fan Noardwolde wie moandeitejûn in grutte EHBU-oefening. 50 fan de 65 leden fan de EHBO-feriening fan Noardwâlde dienen dêr oan mei. Mei help fan akteurs waarden sân ferskillende situaasjes yn sêne set. De EHBU-ers moasten ûnder oaren in persoan helpe dy't oanriden waard troch in heftruck en ien dy't beknypt rekke yn in masine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)