Ferkearsdrokte, want de skoallen binne wer begûn

04 sep 2017 - 22:30

De skoallen binne yn Fryslân moandei wer begûn en dat betsjut in soad bern op de dyk, op 'e fyts of rinnende. Fuort nei de simmerfakânsje is de kâns op in ferkearsûngelok mei bern hast dan ek twa kear sa grut as de rest fan it jier, sa docht bliken út ûndersyk fan Veilig Verkeer Nederland.

Alle moannen reitsje der lanlik sa'n 850 bern tusken de 12 en 17 jier yn it sikehûs nei in ferkearsûngelok. Yn septimber, as de skoallen wer begjinne, binne dat der lykwols 1250 ûngelokken. Dy groei is te ferklearjen troch de groep nije learlingen, dy't noch wenne moat hoe't se harren yn it ferkear hâlde moatte.

Wytske de Haan út Aldegea (Sm.) sit yn de skoalkommisje fan gearwurkingsskoalle De Diamant. Har dochter is sân jier en giet ek mei de fyts nei skoalle ta. Dit jier foar it earst allinnich. "Dat wie bêst efkes spannend. De lêste pear wiken hawwe wy al efkes mei har oefene, sadat se wit wat se ferwachtsje kin as se nei skoalle fytst." It binne net allinnich de bern dy't oefenje moatte, ek it lânbouferkear en automobilisten moatte wer efkes wenne oan de ekstra drokte yn it doarp.

Kampanje

Neffens Hans den Hertog fan Veilig Verkeer Nederland is it nedich om noch mear kampanje te fieren om alle ferkearsdielnimmers bewust te meitsjen fan de ferkearsfeiligens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)