Rjochter beleannet Drachtster foar ôfkicken: gjin wurkstraf

04 sep 2017 - 21:42
Ghb - Foto: ANP XTRA

In 24-jierrige Drachtster dy't ferslave wie oan xtc en ghb hat foar it besit fan de twa drugs in legere straf krigen as dat earder easke wie. Yn april trof de plysje de fertochte en trije oare manlju oan yn it Thalenparkje fan Drachten. Se hienen ghb brûkt. Boppedat bliek de fertochte ek in fleske mei it guod by him te hawwen. Earder wie er al oppakt foar xtc-besit. It Iepenbier Ministearje easke in wurkstraf fan 120 oeren en fjouwer wiken selstraf ûnder betingst. Om't de fertochte yn in ôfkickklinyk sitten hie, besleat de rjochter gjin wurkstraf te jaan, mar allinnich in selstraf ûnder betingst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)