Ynstallaasje fan Ellen Bruins Slot-Janmaat as wethâlder

04 sep 2017 - 21:21

Ellen Bruins Slot-Janmaat (PvdA) is moandei yn in ekstra riedsgearkomste beneamd en ynstallearre as wethâlder fan Tytsjerksteradiel. "Ik wil mij graag inzetten voor deze mooie gemeente die alles heeft wat Fryslân mooi maakt en die de ruimte heeft die je iedereen gunt", sa seit Bruins Slot-Janmaat. 

Bruins Slot-Janmaat is 51 jier âld en berne yn Noard-Hollân (Zaanstreek). Se wennet yntusken al jierren yn Gytsjerk. Sûnt 2006 is se riedslid foar de PvdA Tytsjerksteradiel en sûnt 2009 fraksjefoarsitter. Wethâlder Bruins Slot-Janmaat krijt de portefúlje mei ûnder oaren Wurk en Bystân, Duorsumheid, Kultuer en Ferkear en Ferfier. Se folget Houkje Rijpstra op dy't op 1 septimber direkteur wurden is fan de Vereniging Circulair Friesland.  

(advertinsje)
(advertinsje)