Flinke groeisifers yn detailhannel

It giet goed mei de ekonomy en ek de detailhannel profitearret. Dat blykt út de lêste sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS). Yn it twadde fearnsjier lei de gemiddelde detailhannelsomset 4,1 prosint heger as in jier lyn. Der binne lykwols ek sektoaren dêr't de groei noch folle sterker wie: de keukenbrânsj en dy fan de Doe-het-Zelf. Dêr wie de groei sels 7,6 prosint.
Groei troch nijbou
Keuken- en baaikeamersintrum KBC yn Skearnegoutum befêstiget it byld mei noch sterkere groeisifers. KBC notearre oer de earste acht moanne in plus fan 17 prosint yn fergelyk mei ferline jier. De groei wurdt foar in part taskreaun oan it grutte tal nijbouprojekten yn de regio Snits. Gefolch is wol dat klanten wat langer wachtsje moatte, want de aginda stiet foar dit jier al sa goed as fol.
Putsjes
DHZ-winkel MultiMate yn Grou sit ek boppe de lanlike groeisifers. Yn de mindere jierren ha se mei sukses ynset op ferbreding fan it assortimint mei wettersportguod. No is benammen de eigen klussetsjinst suksesfol, om't jongere minsken leaver putsjes dwaan litte as dat se har dêr sels oan weagje.