"Nije kabinet moat fuort mei oare bestjoerslagen prate"

It nije kabinet moat sa gau mooglik om 'e tafel mei provinsjes en gemeenten. Sa moat draachflak socht wurde foar de maatregels dy't der komme. Dat sei deputearre Sander de Rouwe moandeitejûn yn polityk tv-programma It Polytburo. It feit dat it nije kabinet in hiel lytse mearderheid yn de Twadde Keamer hat is neffens De Rouwe net sa'n probleem. Belangriker is dat de nije regearing yn it lân stipe krijt. Fryslân tsjinne yn maart in list mei winsken yn. De ferbreding fan de slûs fan Koarnwertersân is dêr in belangryk punt yn, mar it feit dat de formaasje sa lang duorret skoot it wurk op de lange baan. De Twadde Keamer hat sein dat it ryk meibetellet, mar dan moat der wol foar ien oktober in plan lizze.