Fryske skoalbern folgje lessen sûnder stúdzjeboeken

Drokte yn it magazyn fan Van Dijk © ANP
Ferskate middelbere skoallen en learlingen yn Fryslân ha noch net alle boekepakketen foar it nije skoaljier krigen fan boekeleveransier Van Dijk út Kampen. Kristlike skoallemienskip Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer bygelyks hat dit jier foar it earst gjin eigen boekefûns mear, mar learlingen fan de skoalle en harren âlden jouwe oan dat de boeken der noch net binne. Neffens de skoalle is de lette levering fan guon boekepakketten in probleem dat al meardere jierren spilet.
Steuring
Van Dijk meldt dat der mei man en macht wurke wurdt oan it ôfleverjen fan de boeken, mar dat der noch gjin leveringsdatum jûn wurde kin. Neffens it bedriuw komt de fertraging troch in steuring yn it magazyn.