Ekskuzen foar trochspyljen medyske gegevens fan learlingen

04 sep 2017 - 19:01

De gemeente De Fryske Marren biedt syn ekskuzen oan foar in flater dy't makke is mei de priveegegevens fan bern dy't mei de taksy nei skoalle gean. De âlden fan de bern dy't gebrûk meitsje fan it learlingeferfier binne lilk op de gemeente, om't dy medyske gegevens oer de bern oan taksybedriuw Witteveen trochspile hat. Dêr hie lykwols earst tastimming fan de âlden foar frege wurde moatten. It giet om ynformaasje dy't wol fan belang is foar de ferfierder om te witten, bygelyks oft in bern yn in rolstoel sit of net, seit wethâlder Frans Veltman

Alden binne der min oer te sprekken en akseptearje de flater net. Ek omdat it net de earste kear is dat gegevens fan de bern op strjitte lizze. Fierder binne de âlden lilk dat de sjauffeurs yn it foar net yn de kunde komme mei de bern, wylst dat wol ferplichte is. Neffens Veltman is dat net it gefal. Der soe mar ien klacht lizze wêrby't it bern noch net yn 'e kunde kaam is mei de sjauffeur.

"Dochs tastimming jaan"

Veltman seit dat taksybedriuw Witteveen de priveegegevens fan de bern fuortendaliks ferwidere hat. Dochs fersiket de gemeente de âlden wol om dy gegevens mei harren tastimming beskikber te stellen, om't it fan belang is foar de kwaliteit fan it learlingeferfier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)