Syktocht nei nije wethâlders foar PAL GrienLinks

04 sep 2017 - 18:12
Foto: ANP

De fraksje fan PAL GrienLinks yn Ljouwert siket minsken dy't wethâlder foar de partij wurde wolle. De fraksje hopet by de riedsferkiezingen fan novimber sa grut te wurden dat der njonken sittend wethâlder Jan Atze Nicolai noch mear wethâlders levere wurde kinne. Foarôfgeand oan de ferkiezingen wolle it bestjoer en de fraksje fan PAL GrienLinks dêrom mei meardere gadingmakkers prate. Yn Ljouwert binne yn novimber riedsferkiezingen, fanwege de weryndieling mei Ljouwerteradiel en in part fan Littenseradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)