Hynder dea troch fal út trailer op A7

04 sep 2017 - 17:39
It hynder foel út 'e trailer op 'e dyk - Foto: Srfotografie

Op de A7 by Drachten út 'e rjochting fan Grins is moandeitemiddei in hynder dea rekke, nei't er út in trailer op 'e dyk foel. De plysje wit noch net wat der krekt bard is, mar tinkt dat de doar fan de trailer net goed tichtsitten hat. Der stie in skoftlang file.

Trefwurden: 
hynder trailer A7
(Advertinsje)
(Advertinsje)