Golfbaan yn Appelskea mei útwreidzje

04 sep 2017 - 17:15

De golfbaan yn Appelskea kin útwreidzje. De eigener hat dêroer oerienstimming berikt mei de gemeente en mei de inisjatyfnimmer foar in sinnepark, dat yn de omkriten fan de golfbaan komme moat. Om de útwreiding mooglik te meitsjen wurdt der in pleats kocht. De grûn dêrfan sil brûkt wurde om fan de golfbaan in njoggen holes-baan te meitsjen, it gebou tsjinnet ûnder oare foar opslach. Troch de oankeap kinne de plannen foar in sinnepark ek trochgean. Earder drigen dy op slot te reitsjen troch de útwreiding fan de golfbaan. Dy wreidet no lykwols in oare kant op út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)