Selstraf foar Ljouwerter foar hannel mei Iran

Justysje © Omrop Fryslân
In ûndernimmer út Ljouwert hat 16 moanne selstraf krigen omdat er hannele hat mei in Iraansk bedriuw, wylst dat ferbean wie. De man levere tusken 2012 en 2015 ûnderdielen foar bygelyks oaljepiipliedingen oan it nasjonale Iraanske gasbedriuw NIGC, wylst der ynternasjonale sanksjes fan krêft wiene tsjin Iran. Dy sanksjes wiene oplein fanwege de soargen oer it nukleêre programma fan Iran. It gasbedriuw stie op de list fan ferbeane Iraanske bedriuwen om saken mei te dwaan. Der wie twa jier sel tsjin de Ljouwerter easke.