Underskieding foar programmamakker 'Teken fan libben'

04 sep 2017 - 16:47
Wat is it ferhaal efter de Fryske bermmonuminten? - Foto: Omrop Fryslân

Programmamakker Murk Jaep van der Schaaf is snein troch it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân (ROF) ûnderskieden foar syn reportaazjerige 'Teken fan libben'. Yn dat programma dat troch Omrop Fryslân útstjoerd waard, stean de ferhalen efter de bermmonuminten oan de Fryske diken sintraal.

Presintator Raynaud Ritsma prate mei neibesteanden fan ferkearsslachtoffers, mar ek mei helpferlieners. It ROF rikt alle jierren in byldsje út oan in persoan of ynstânsje yn Fryslân dy't him ynset hat foar de ferkearsfeiligens. Programmamakker Van der Schaaf krige in byldsje útrikt út hannen fan de Feriening Ferkearsslachtoffers. "Dat wy mei Teken fan libben wat betsjutte koene foar de neibesteanden, helpferlieners en in soad sjoggers jout ús in grutte foldwaning”, sa seit Van der Schaaf.

Alle reportaazjes fan Teken fan Libben binne ek online werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)