Dronken Fries bedarret yn 'e Maas

© Omrop Fryslân
In Fryske toerist is sneintenacht yn Maastricht út it wetter fan de Maas fiske. De man oernachte op in hotelboat oan de Maasbûlevaar. Hy hearde by in groep fan tolve Friezen dy't nei it dartsfeest yn kongressintrum MECC west hie. De man hie tefolle dronken en bedarre yn it wetter. Hotelpersoniel hat him der wer úthelle. De Fries hat neat oan it foarfal oerhâlden.