Treinen tusken Hurdegaryp en Bûtenpost ride wer

It plak fan it ûngelok wie in skoft ôfset troch de plysje © Jaring Rispens
De Arriva-treinen tusken Ljouwert en Grins ride wer. Moandeitemoarn waard it treinferkear stillein, neidat der op in spoarweioergong yn Kollumersweach in persoan op de fyts ûnder de trein kaam wie. It giet om in persoan, dy't troch noch ûnbekende reden yn botsing kaam mei in trein.

Yn ferbân mei dat ûngelok en it plysje-ûndersyk waarden spoarweioergong en omjouwing troch de plysje ôfset. Sûnt dy tiid waarden passazjiers mei de bus ferfierd. Om twa oere middeis waard it spoar wer frijjûn en sadwaande ride de treinen wer.