Undernimmers tefreden oer Hiswa op it wetter

Direkteur Henk van der Berg fan Seafaring Yachts út Grou is tefreden oer de belangstelling foar syn boat op de Hiswa op it wetter. Van der Berg hat gjin boaten ferkocht. Mar neffens him binne der moaie kontakten lein mei potinsjele klanten dy't grif in ferfolch krije. Van der Berg stie dit jier mei in nij model jacht op de beurs. Dy boat kostet 350.000 euro. 'Minsken gean net oer ien nacht iis as se sa'n boat keapje', seit Van der Berg.
Ut Fryslân dienen mear as tsien boatebedriuwen oan de Hiswa mei. De organisaasje sprekt fan in suksesfol jier mei in serieus publyk dat ek echt fan doel is om in boat te keapjen. Mei-inoar kamen der in lytse 22.000 minsken op de beurs ôf. Dat is wat minder as ferline jier. Takom jier ferhuzet de Hiswa nei de Bataviahaven yn Lelystêd. Neffens de organisaasje is dat nedich om groei mooglik te meitsjen en de liedende posysje yn de merk fêst te hâlden.