Feriene Lofts stelt fragen oer atletykklup Lionitas

De gemeentlike fraksje fan Feriene Lofts yn Ljouwert wol dúdlikheid hawwe oer de takomst fan atletykferiening Lionitas. Se meitsje harren benammen soargen oer de wize wêrop't de gemeente ûnderhâldswurk dien hat op it terrein fan Lionitas. De atletykbaan is ûnderhâlden, mar neffens Feriene Lofts is de baan net by de tiid brocht. En dat wylst der in begruttingsoerskot wie, sa seit de partij.

Ek is der krityk op it gebrek oan oerlis mei de atletykferiening. Dat soe minimaal west hawwe. Ek hat Feriene Lofts krityk op it jild dat no nei de profesjonele sport yn Ljouwert giet, wylst de breedtesport neffens de partij achter bliuwt.