Op moandeitemoarn mei drank op achter it stjoer yn Ljouwert

De plysje sette it resultaat fan it asemûndersyk op Twitter © Twitter / Team Verkeer Noord-Nederland
In 63-jierrige man út Ljouwert is moandeteimoarn oanhâlden omdat er mei drank op achter it stjoer siet. De plysje hâlde de man Achter de Hoven oan. By in blaastest die bliken dat er mei 655 Ug/l fier boppe de noarm fan 22 Ug/l siet.

De man hat in proses-ferbaal krigen, en is oanmeld foar in kursus alkohol en ferkear by it CBR. Ek mocht er sân oeren lang net ride.