Doarpswinkel Drachtsterkompenije giet definityf ticht

04 sep 2017 - 11:46

De doarpswinkel yn Drachtsterkompenije giet nei krapoan hûndert jier definityf ticht. It kin finansjeel net mear út. De ôfrûne jierren hawwe der ferskate aksjes west om de winkel te rêden, mar der komme te min klanten om de saak rendabel te meitsjen. En dat docht de eigeners Kerstin en Cor sear. Sy runden de saak de ôfrûne twa jier. Sy fine it ek tige spitich, benammen foar de âldere minsken yn it doarp.

Fral de konkurrinsje fan de grutte supermerken yn Drachten waard de winkel oermânsk. Ferline jier moast der al in ton by, en ek dit jier rint de winkel striemin. Kommende freed, op 9 septimber, is de winkel offisjeel foar it lêst iepen. Skande foar it doarp, sa fynt ek doarpsbelang. De winkel bliuwt nei de sluting noch in pear wiken iepen, sadat minsken noch saken lykas weardebonnen ynleverje kinne. Yn de winkel wurken trije man fêst personiel, fjouwer oant seis minsken mei in beheining en twa begelieders.

(Advertinsje)
(Advertinsje)