UPDATE: 48-jierrige frou ferstoarn by spoar Kollumersweach

04 sep 2017 - 11:07

Op de spoarweioergong oan de Bounswei yn Kollumersweach is moandeitemoarn in 48-jierrige frou út dat doarp om it libben kaam. De frou kaam ûnder de trein telâne. De plysje is dwaande mei in ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok. Fanwege dat ûndersyk is de omjouwing fan de oergong lange tiid ôfset west. Ek it treinferkear waard in skoft stillein.

(advertinsje)
(advertinsje)