Famke oanriden by basisskoalle yn Ljouwert

04 sep 2017 - 09:36

Op de Melkemastate yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is moandeitemoarn in famke oanriden troch in auto. Dat barde flak by in basisskoalle. Hoe't it ûngelok barre koe is net dúdlik. It bern is mei de ambulânse nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht.

It is hjoed de earste dei nei de simmerfakânsje dat de bern wer nei skoalle gean. 

Trefwurden: 
oanriding Camminghabuorren
(advertinsje)