Kollum: "Bonuskaart"

"Ferline wike lies ik it berjocht oer fuotbalklup VV Drachten, dy’t trije jeugdteams út de bekerkompetysje weromlûke moat fanwege te min frijwilligers. No is VV Drachten in grutte klup, mei folop jeugd- en senioareleden. En toch slagget it net om genôch helpende hannen te finen om dizze trije teams spylje te litten. Dat is toch tryst?

Ofrûne simmer mocht ik foar Sport Fryslân ynterviews hâlde foar de nije webside. Sport Fryslân hat ferskate projekten wêrmei’t se gemeenten, it ûnderwiis, de handicaptesport en sportferienings helpt op it mêd fan sport en bewegen. Om yn kaart te bringen wêr’t Sport Fryslân allegearre by helpe kin, siet ik de ôfrûne moannen by ferskate bestjoerders oan de keukentafel. Fan hynsteride oant follybal en fan fuotbal oant hockey: allegearre hiene de klups ien en it selde probleem: it finen fan genôch frijwilligers.

Oft it no giet om lytse of grutte klups; it wurdt hieltyd dreger om frijwilligers te krijen dy't de hannen út 'e mouwen stekke wolle. Ien fan de foarsitters fan in fuotbalklup fertelde my dat der hieltyd mear heiten en memmen binne dy’t de bern moarns by it stek fan it sportfjild ôfsette en middeis wer ophelje. Sels efkes nei de wedstriid sjen? Gjin tiid foar. Lit stean flagje, fluitsje of coache. Fierstente drok om dat oerke oan de sydline te stean.

Mar heiten en memmen fan Fryslân: dêr giet it toch krekt om? Ik fûn dat eartiids altyd it moaiste; as ús heit en mem oan de kant fan it fjild stiene om te sjen nei myn wedstriid. Dat is it moaie fan sport: kinst mei syn allen genietsje fan in doelpunt fan dyn soan of in dressuerproefke fan dyn dochter. Mar tsjintwurdich is sporte in ferkapte berneopfang wurden, dêr’t heit en mem de bern dumpe sadat se sels de hannen frij ha. En efkes helpe? Ho mar.

En dus sjochst hieltyd faker dat klups it frijwilligerswurk ferplicht stelle. Joust dyn bern op by de kuorbalklup, dan bist as heit as mem ferplichte om in frijwillige taak op dy te nimmen. Dat liket op himsels in hiel goed plan, mar de oare kant fan it ferhaal is dat bern dy’t in dwerse heit of mem ha dus net mear op kuorbal kinne. Krekt dizze bern dy’t fan hûs út al net motivearre wurde om te sporten, komme dan dus thús te sitten.

In twadde opsje is it ferheegjen fan de kontribúsje foar leden dy’t gjin frijwilligerswurk dogge. Mar, sizze de bestjoerders mei wa’t ik praat ha: dêrmei lost it probleem net op. Ja, krijst mear jild om bepaalde frijwillige taken dwaan te litten troch immen dy’t der foar betelle krijt. Mar wa binne dat dan? En boppedat: is immen dy’t der jild foar krijt eins wol de juste persoan? Moatst net minsken ha dy’t út harren passy wei coach of trainer binne yn plak fan dat se der jild foar krije?

Mei oare wurden; ferplichtsje of mear betelje litte binne beide gjin goeie oplossings. Bliuwt der noch mar ien lêste rêdmiddel oer. In sport dêr’t wy Hollanners net allinnich wrâldferneamd mar ek de alderbêste yn binne: sparje om koarting te krijen. Miskien moatte sportferienings tenei wurkje mei in sparaksje, lykas by de supermerken. Gjin reade of giele kaart, mar in bonuskaart. By elke kantinetsjinst of training krijst in stimpel en dêrmei koarting op de kontribúsje. Sa kin sels fergees sporte noch in sport wurde."