"Sjitte op man mei kettingseage wie folslein terjochte"

Dat de plysje yn Hallum in 53-jierrige man mei in kettingseage delsketten hat, wie folslein terjochte. Dat seit in tsjûge fan it foarfal tsjin ferslachjouwer Remco de Vries. De tsjûge wol net mei namme yn de media neamd wurde.
Lûdsoerlêst
"Sneon gong it al mis," seit De Vries op basis fan wat er op strjitte yn Hallum heard hat. "Dat wie doe ek oan de ein fan de middei, om fiif oere hinne. De minsken krigen rúzje oer lûdsoerlêst, en dêr is flink skolden. Dat is doe delbêde."
De seage gong oan
"In tsjûge seit dat er seach dat de plysje stadich achterút rûn wylst de man de kettingseage yn de hân hold. De man die op in bepaald momint sels de seage oan."
Warskôgingen
"Plysjes ha meardere kearen warskôge dat er dermei ophâlde moast. De man waard balstjurrich, dage de plysjes út, en rôp dat se mar sjitte moasten. Dat ha se dien. Yn de eagen fan de tsjûge wie dat folslein terjochte."