Epke swaait himsels net de prizen yn op Bulgaarske brêge

Epke Zonderland © ANP
Epke Zonderland is by de wrâldbekerwedstriden yn Bulgarije bûten de prizen fallen. Op it ûnderdiel brêge einige er op in fyfde plak, mei in skoare fan 14.450.
Zonderland wie as sechsde yn de finale kaam. Syn skoare wie heger as yn de kwalifikaasjes op freed, mar in medalje siet der net yn.
Yn de rekstôkfinale kaam Zonderland net yn aksje. Yn de kwalifikaasjes fan freed foel er twa kear, en dêrtroch mocht er net meidwaan.