Uitfestival jout earste yndruk fan Kulturele Haadstêd

03 sep 2017 - 21:34

Kultureel Ljouwert en de wide omjouwing hat him sneintemiddei presintearre yn de Prinsetún yn Ljouwert. Minsken koene sa in yndruk krije fan wat it nije kulturele seizoen te bieden hat. En se koene ek alfêst in byld foarmje fan wat der yn it ramt fan Kulturele Haadstêd plakfine sil.

It ferskaat wie grut mei opera, muzyk en priuwkes fan nije toanielstikken fan Tryater. It wie smûk en bytiden behoarlik drok sûnder dat minsken elkoar yn 't paad sieten. Lân fan taal wie ien fan de projekten foar Ljouwert 2018 dy't hiel dúdlik oanwêzich wie. Op de tydlike redaksje fan tydskrift De Moanne koene minsken in bydrage leverje op in âlderwetske typmasine. Dêr waard, benammen troch bern, in soad gebrûk fan makke.

Trefwurden: 
Uitfestival Ljouwert LF2018
(Advertinsje)
(Advertinsje)