Seldsume poddestoel fûn

28 okt 2011 - 17:17
Foto: Omrop Fryslân

Fjildbiolooch Evert de Ruiter fan Steatsboskbehear hat op Flylân yn de Kroonspolder in bysûndere ûntdekking dien; in poddestoel dy't oant no ta mar twa kear earder yn Nederlân sjoen is. It giet om de olijfgroene aardtong.

Sa't de namme al seit, is it krekt in tonge dy't út de grûn komt. De soart stiet op 'e reade list en groeit allinnich yn bermen en greiden dêr't net in soad stoffen yn sitte dêr't planten fan groeie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)