UPDATE: Kettingseagedriger is 53-jierrige man út Hallum

De man dy't yn Hallum mei in draaiende kettingseage drige syn buorlju wat oan te dwaan, is 53 jier âld. Dat meldt de plysje. Plysjes ha de man yn de foet sketten om foar te kommen dat er syn drigeminten wiermeitsje koe.
Earder melde in plysjewurdfierder dat de man ek plysjes bedrige hie mei de kettingseage, mar dat blykt net sa te wêzen. De man wie allinne agressyf nei de buorlju ta. Neffens omstanners hiene de buorlju dêr't it om giet earder ek al wurden hân.
De man rekke swierferwûne troch de plysjekûgel. Hy is nei it sikehûs brocht. Oer syn tastân is gjin fierdere ynformaasje bekend.