Tristan Bangma grypt sulver op WK yn Súd-Afrika

03 sep 2017 - 19:29
Tristan Bangma - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

Parahurdfytser Tristan Bangma fan Donkerbroek is sneintemiddei mei syn piloat Patrick Bos twadde wurden by it wrâldkampioenskip parahurdfytsen yn Súd-Afrika. Freed einige er op de tiidrit noch krekt neist it poadium. Doe waard er fjirde. Ferline jier wûn Bangma noch goud op de baan by de Paralympyske Spelen yn Rio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)