Plysjes sjitte op man dy't driget mei kettingseage

Plysjes ha yn Hallum in man delsketten dy't drige mei in kettingseage. De plysjes wienen ôfkaam op in melding fan in konflikt. Doe't se oankamen wie de man mei de kettingseage ûnderweis nei de buorlju.
Utdaagje
De man, mei draaiende kettingseage, negearde warskôgingen fan de plysjes. Neffens in tsjûge hat er de plysjes sels útdage om op him te sjitten. Dat ha se dien.
In plysjekûgel hat de man yn de foet rekke. Dat barde op strjitte, flakby it hûs fan de buorlju. Dêrby is de man swierferwûne rekke. Hy is nei it sikehûs brocht. Hoe't er der krekt oan ta is, dêr kin de plysje op dit stuit noch neat oer sizze.
Ryksresjerzje
De technyske resjerzje hat ûndersyk dien op it plak fan it ynsidint. De ryksresjerzje nimt dat ûndersyk oer. Dat is gebrûklik by sjitynsidinten dêr't in plysje by belutsen is. It is net dúdlik hoe lang't dat ûndersyk duorje sil.
Opfang
De belutsen plysjeminsken wurde opfongen. Neffens in wurdfierder fan de plysje makket sa'n ynsidint altyd grutte yndruk op plysjes dy't der by wienen.