Motorrider slim ferwûne nei botsing mei auto

03 sep 2017 - 17:17

In motorrider is sneintemiddei slim ferwûne rekke by in oanriding op de Easthimmerwei by Boalsert. Op de krusing mei de N359 is se oanriden troch in auto.

Meardere ambulânses, plysjes, en in traumahelikopter binne dêrhinne gien. De Easthimmerwei wie ôfsletten foar ferkear út Boalsert wei.

Trefwurden: 
motorrider ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)