Neat mear oer fan motorfyts nei brân yn Earnewâld

03 sep 2017 - 16:09
Foto: De Vries Media

Op de Koaidyk flakby fakânsjepark It Wiid yn Earnewâld is sneintemiddei in motor folslein útbaarnd. Der kaam in protte reek by frij. De plysje hat de dyk ôfset sadat it fjoer blust wurde koe.

De oarsaak fan de brân is net bekend. It soe in technysk defekt wêze kinne. It liket derop dat der net ien ferwûne rekke is.

Trefwurden: 
motor brân Earnewâld
(advertinsje)
(advertinsje)