Frijgesellefeestje: Froulju lizze yn eigen koarre

03 sep 2017 - 15:29
De Nijstêd yn Ljouwert

Sneintemoarn betiid om even nei twaen troffen plysjeminsken op de Nijstêd yn Ljouwert twa froulju oan dy't yn de eigen koarre leinen. Ien fan de beiden, 25 jier âld, blykte har frijgesellefeestje te fieren. Op advys fan de plysjes ha twa oare feestfierders in taksy foar de froulju regele.

Mei de dea bedrige

De plysje hie mear te dwaan dy nacht. Noch gjin healoere letter waard op it Ruterskertier in plysje mei de dea bedrige troch in 39-jierrige man út Berltsum. Plysjes sprutsen him hjir op oan, mar hy gong der gewoan mei troch, en misledige ek noch in oare plysje. De man is oanholden.

Slaanderij

Tsjin fiven wie der slaanderij op it Ruterskertier. Plysjes moasten yngripe. Net ien woe oanjefte dwaan, mar de plysje hat wol in 23-jierrige Ljouwerter oanholden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder. Der wiene ferskate warskôgingen oan de oanhâlding foarôf gien.

Trefwurden: 
plysje frijgesellefeestje
(advertinsje)
(advertinsje)