Cambuur fan lêste plak ôf nei winst op Volendam (1-0)

03 sep 2017 - 14:30

Yn it Kras Stadion yn Volendam hat SC Cambuur sneintemiddei mei 1-0 wûn fan FC Volendam. It iennige doelpunt waard makke troch Xander Houtkoop. Yn de 54ste minút skeat hy in frije traap oer doelman Verhulst fan Volendam hinne yn de goal. Yn de slotfaze wiene der noch kânsen foar Cambuur op de beslissende 2-0, mar dy foel net.

Mei de oerwinning hat Cambuur de earste trije punten fan it seizoen binnenhelle en dêrmei komme de Ljouwerters fan it lêste plak ôf.

Der wie it nedige te dwaan om de wedstriid fan snein, om't de gemeente Edam-Volendam, sûnder Cambuur hjiroer yn te ljochtsjen, de begjintiid fan de wedstriid feroare hie. Dy waard no om healwei ienen spile.

(advertinsje)
(advertinsje)