Nijste film Steven de Jong yn premjêre

03 sep 2017 - 09:02

De film Spaak gie sneontejûn yn premjêre, it nijste wurk fan regisseur Steven de Jong. En wat is dêrfoar no in tapasliker plak as de hurdfytshal fan Omnisport yn Apeldoorn? De Jong wurke acht jier oan de film, dy't giet oer in hurdfytstalint dat eksperimintearret mei drugs. De haadrol wurdt fertolke troch Tim Douwsma. Foar de Drachtster is it syn earste grutte rol yn in spylfilm. Twarres skreau de titelsong foar de film.

(Advertinsje)
(Advertinsje)