Nard Brandsma wint fierljeppen yn Burgum

02 sep 2017 - 21:38

Nard Brandsma fan It Heidenskip hat sneontejûn yn Burgum de twadde nasjonale kompetysjewedstriid fierljeppen wûn. Hy sprong in ôfstân fan 20.90 meter, en dat wie rom fierder as de nûmer twa, Hannes Scherjon fan Noardburgum. Dy sprong 20.28 meter. It tredde plak wie foar Thewis Hobma út Harns, dy't nei 20.17 meter ljepte. Age Hulder fan Burgum (19.91 meter) en Erwin Timmerarends út Montfoort (19.85) einigen op it fjirde en fiifde plak.

Froulju

By de froulju gie de winst nei Wendy Helmes út IJsselstein. Se ljepte 16.09 meter. Dymphie van Rooijen út Harmelen waard twadde yn 15.83 meter. Bêste Friezinne wie Marrit van der Wal fan It Heidenskip op it tredde plak, dy't ta 14.89 kaam. Anneke Broersma út Feanwâlden (14.53 meter) en Fabiënne Overbeek út Benschop (14.47 meter) hellen it poadium net.

Junioaren

Jan Teade Nauta fan Drylts wûn de wedstriid by de junioaren yn in nij persoanlik rekôr fan 19.87 meter. Hy wie krekt better as Richard van Bemmel út Utrecht, dy't 19.65 sprong (ek in pr). Rutger Piersma út Molkwar (18.56 meter) waard tredde. Bobby Zwaagman út Drylts (17.39 meter) en Jetse Bokma út Hylpen (17.33 meter) hellen it poadium net.

Jonges

By de jonges wûn Wietse Nauta fan Drylts yn 17.17 meter. Thys Jan Bootsma fan Nijlân waard twad yn 16.77 meter, foar Corné de Regt út Linschoten (16.53 meter).

Famkes

Sigrid Bokma út Hylpen wie de winner by de famkes, mei in sprong fan 13.71 meter. Iris Mulder út Vlist waard twad yn 13.62 meter. Fardau van Akker út Suwâld waard tredde yn 13.50 meter.

(advertinsje)
(advertinsje)