Pech foar Nyck de Vries yn Formule 2 op Monza

02 sep 2017 - 19:35
Autokoereur Nyck de Vries - Foto: Omrop Fryslân

De winst yn de Formule 2 race op it sirkwy fan Monza is autokoereur Nyck de Vries sneon troch de fingers glipt. In lekke bân soarge foar in grutte desepsje foar de Snitser.

De Vries starte fan plak twa ôf, mar pakte yn it begjin fan de race de lieding. Der kaam in safety car de baan op doe't Oliver Rowland syn linkerachtertsjil losskeat, mar mei noch twa rondes te gean gie de race wer fierder. Luca Ghiotto gie doe fuortendaliks De Vries foarby. Dy besocht de lieding werom te pakken, mar doe't Charles Leclerc út Frankryk him rekke wie it gebeurd. Mei in lekke bân einige de race foar De Vries.

Leclerc bliuwt oan de lieding yn de striid om de titel yn de Formule 2. Snein komt Nyck de Vries noch yn aksje by de saneamde sprintrace.

(Advertinsje)
(Advertinsje)